Gjin winter

28 jannewaris 2025

DE JOUWER – It hat de hiele winter noch gjin winterwaar west en dat bliuwt foarearst ek sa.

Tiisdeitenacht falle der buien. De matige wyn komt út it suden, mar rommet letter nei it westen. Mei 6 graden is it in mylde nacht.

Woansdei soe der in bui falle kinne, mar de sinne sil, nei alle gedachten, sa út en troch ek skine. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 8 graden.

De oare dagen fan dizze wike feroaret der net in soad.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter