Hjerstich

8 oktober 2024

DE JOUWER – Nei in kreaze tiisdei sjocht it waar der foar woansdei en tongersdei hjerstich út.

Tiisdeitenacht is in bui net hielendal útsletten. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it 12 graden.

Woansdei sjogge wy de sinne sa út en troch, letter soe it miskien ek wat reine kinne, mar it meast wiete waar liket ús net te berikken. Yn ‘e moarntiid is de sudewyn matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Middeis stiet der in swakke oant matige sude- oant súdeastewyn. It wurdt in graad of 15.

Tongersdei liket wol in hjerstdei te wurden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter