Diel dit berjocht

It bliuwt waarm

8 augustus 2024

DE JOUWER – Wy sitte yn in lange rite mei hiel kreas simmerwaar en dêr komt noch gjin ein oan. Begjin nije wike wurdt it sels tropysk waarm, mar freed krije wy efkes in tebekset.

Tongersdeitenacht kin it sa út en troch reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 16 graden.

Freed is it skier mei sa út en troch rein. Middeis wurdt it drûch en kin it opklearje. De súdwestewyn letter súdweste- oant westewyn is matich, mar by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 21 graden hinne.

Yn it wykein bliuwt it drûch en it wurdt benammen snein waarm simmerwaar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter