Diel dit berjocht

It kin net better

6 maart 2025

DE JOUWER – It is al dagen strieljend maitiidswaar en it kin hast net better, mar it sil dochs noch wat mylder wurde.

Tongersdeitenacht is it helder en it sil net mear frieze. De temperatuer leit tusken 3 en 6 graden. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns is de sudewyn matich.

Freed is it wer in prachtige sinneskyndei by in swakke oant matige sudewyn. Op de Waadeilannen wurdt it 11 graden, boppe it fêstelân fan Fryslân sil it 15 graden wêze, útsein in stripe by de Iselmar en de noardlike kust lâns. Dêr bliuwt it, troch it kâlde wetter, ek wat frisser.

Yn it wykein is it einepikewaar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter