Diel dit berjocht

Maitiid

5 maart 2025

DE JOUWER – It wie in strieljende woansdei mei in soad sinne, mar hielendal blau wie it net. Fan tongersdei ôf wurdt it noch mylder.

Woansdeitenacht is it helder mei hast gjin wyn, útsein boppe de Iselmar en it Waadgebiet, dêr is de sudewyn matich. De temperatuer leit om it friespunt hinne, mar op de Waadeilannen is it 5 graden boppe nul.

Tongersdei skynt de sinne hast wer de hiele dei. Yn ‘e moarntiid is der net in soad wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in matige sudewyn. Middeis is de sudewyn oeral matich. Op de Waadeilannen wurdt it 10 graden, boppe it fêstelân fan Fryslân kin it wol 14 graden wurde.

Freed, sneon en snein wurdt it noch wat mylder.

Jan Brinksma

De foto waard yn Ljouwert makke.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter