Oanhâldend drûch

4 febrewaris 2025

DE JOUWER – It wie tiisdei skrousk en skier, mar wol drûch. In soad delslach wurdt foarearst ek net ferwachte.

Tiisdeitenacht soe it wat (sto)reine kinne. De wyn komt út it súdwesten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar earst frij krêftich. It wurdt 3 graden.

Woansdei wikselje in berûne loft en wat sinne inoar ôf en it bliuwt drûch. De súdweste- oant westewyn is swak oant matich. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.

Tongersdei feroaret der hast neat oan it rêstige waar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter