21 febrewaris 2025
DE JOUWER – Fan matige froast yn ‘e nacht earder dizze wike nei mear as 15 graden boppe it friespunt in pear dagen letter. Grutter kin it ferskil hast net wêze. It wie freed einepikewaar. It bliuwt foarearst myld, mar it wurdt ek ritiger.
Sneon is it skier en it reint sa út en troch. De sude- letter súdwestewyn is matich. De temperatuer leit tusken 7 graden yn it Waadgebiet en by de Iselmarkust lâns oant 12 op it fêstelân fan Fryslân.
Op snein sjocht it waar der better út. By in swakke oant matige sudewyn is de kâns op sinne grutter as op sneon. It wurdt 12 graden, mar yn it Waadgebiet en by de Iselmarkust lâns is it wat frisser.
Moandei sil wer in wiete dei wurde. It reint geregeld en wy sjogge de sinne hast net. By in matige súdwestewyn wurdt it 11 graden.
Jan Brinksma