Diel dit berjocht

Skier

16 april 2025

DE JOUWER – It wie woansdei skier en wat reinich waar. It is lang lyn dat we sok waar hân hawwe. Tongersdei bliuwt it skier.

Woansdeitenacht is de loft berûn en miskien falt der noch wat reinwetter. Der stiet net in soad wyn, mar yn it Waadgebiet en boppe de Iselmar is de wyn matich út it suden. It wurdt 8 graden.

Tongersdei is de loft de hiele dei berûn, mar it bliuwt, nei alle gedachten, wol drûch. De swakke oant matige wyn komt út rjochtingen tusken it westen en it noarden. Mei 12 graden is it wat oan ‘e kâlde kant foar healwei april.

Nei tongersdei bliuwt it foarearst wat ritich.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter