Op in tongersdei, let yn oktober, rint in ploechje minsken troch de Dokkumer wyk it Fûgellân in rûte by fjouwer wenningen del. Op de muorren steane dichtrigels. Dy rigels komme út gedichten dy’t wykbewenners en besikers fan de lokale byb skreaune op in workshop ûnder lieding fan Marrit Jellema, de stedsdichter fan Ljouwert. Ik gong mei om te helpen as ien yn it Frysk skriuwe woe.

In oere foar de kuier begjint, bin ik al yn de byb. In meiwurker wit daliks wêr’t ik foar kom, en bringt kofje, wylst ik myn boek út de jas krij en in tafeltsje sykje yn it ljocht fan de lêsromte. It soe noch smûker wêze as it bûten flink waaide en reinde, mar dizze middei skynt in mylde sinne.
Ien fan de earsten dy’t nei my arrivearret is in âldere frou mei inketswarte krollen, se hat wol wat fan de aktrise Liz Taylor. Se stekt har lofterhân út (de rjochter sit yn in mitella) en ropt har namme: “Joan”. Se is berne yn Yndonesië, fertelt se, en is ien fan de minsken dy’t in wenning beskikber stelt hat om in dichtrigel op te skilderjen. Se fynt it prachtich. Dan komme der in pear fan de dichters, ik herken harren gesichten, mar de measte nammen binne fuort.
We rinne oer strjitten as de IJsvogel, de Kobbe en de Reiddomp, in wyk sa’t der safolle binne yn Fryslân. Ik doch de eagen ticht en rin wer yn de Fûgelbuert fan Surhústerfean dêr’t ik net hikke, mar wol tein bin. Thús wie ek it tema fan Marrit har workshops. Op ien fan de huzen stiet: “Thuis kan een mens zijn. Thuis kan een dier zijn.” Bewenner Madelon socht de rigel út, it spriek har oan om’t se meikoarten in helphûn krijt.
Op de wenning fan Joan stiet: “Geef mij een schommelstoel, een boekenkast, een plantenzee”. Dichter Zee Postmus is derby om har hiele fers foar te dragen. “Dus jíj hebt die mooie zin geschreven!” ropt Joan, en se fertelt oer de skommelstoel dy’t sy eartiids thús hiene. “Ik sit fierste min op myn skommelstoel,” seit Zee. De sinne is achter de kym sakke en no kuollet it flink ôf.
Frou Fokkema har rigel is yn it Frysk en ek sy draacht har hiele fers foar. Mei triennen yn de eagen, want de bylden út har jeugd roppe in soad op. (De rigel oer de muzyk – Mozart, BZN en Bach – wit ik noch fan de workshop. Soks bliuwt hingjen, ik seach daliks de krollen fan Annie Schilder tusken de prûken fan de âlde komponisten.) Hast hie se net iens meidien oan de workshop. “Ik bliuw mar leaver thús, tink ik altyd… mar wat bin ik bliid dat Anneke my hjir mei hinne frege hat.” Se knikt nei har freondinne Anneke en dan kuierje wy stadichoan werom nei de byb, dêr’t kofje en taart wachtet.
Ik diel it gedicht dat frou Fokkema skreaun hat hjir yn syn gehiel, dat mocht, ik ha it frege.
Thús
Fytse yn de simmerwyn
lâns de Waadsee
Peazens Moddergat
Fiere gesichten oer de fjilden
Mei ierappels, biten, graan
Thús op ’e pleats
De soargen en de wille
Altyd muzyk foar it hert
Mozart, BZN en Bach
In protte Ups en Downs
Mar boppe alles, Lokkich.(Baukje Fokkema)