Ferline wike waard it nijste diel fan de Final Destination filmsearje útbrocht. It sechsde, mei as titel Final Destination: Bloodlines. Ik seach de film yn Pathé Ljouwert. De sfear yn de bioskoop wie sa goed dat der oan de ein fan de film sels klapt waard.
Dat klappen wie foar ússels, it publyk, in nuvere ferrassing; it duorre ek mar in pear tellen. Faaks kaam it troch in sterk gefoel fan nostalgy; de Final Destination films geane nammentlik altyd oer itselde. Ien fan de haadpersonaazjes kriget in fisioen wêryn’t hy of sy – mei oaren – op grouwélige wize om it libben komt. Dyselde dy’t it fisioen kriget, skrikt lykwols flak foar it grouwélich barren wekker en wit it noch krekt foar te kommen. Mar, “De Dea” lit him net ferrifelje; elkenien dy’t eins stjerre moat, komt op in wûnderlike wize dochs noch oan syn ein.
Under sa’n film sitst hieltyd op de râne fan dyn stoel, yn spanning te wachtsjen oant it hielendal mis giet. Yn diel twa sit bygelyks dy ikoanyske sêne wêryn’t beamstammen fan in frachtwein losslagge en in gigantysk auto-ûngelok feroarsaakje. Dy sêne is sa ferneamd dat de measte minsken noch hieltyd senuweftich wurde wannear’t se efter in frachtwein mei beamstammen ride – sels as men de film net iens sjoen hat. Dat wie yn 2003.
Ik, en mei my in grut part fan myn generaasje, bin grut wurden mei dizze films. It wie dan ek noflik om fjirtjin jier nei it lêste diel wer yn ’e bioskoop te sitten. Bloodlines sit stiiffol mei knypeagen nei de eardere Destination films. De nije film hat dêrneist in sûne en net oerdreaune doasis selsbetrouwen en humor mei krigen. Der waard bygelyks ferrassend faak lake yn de seal, meast fanwegen de kreative en absurde wizen wêrop’t minsken omkomme.
Der sit ek in tige orizjinele sêne yn dit diel. De noasring fan ien fan de personaazjes sit fêst oan in fentilatorblêd – in momint dat my daliks tinken die oan in âlde sketch oer piercings fan Mannen van de Radio, in rige absurdistyske radiosketches út it VPRO-programma De Avonden. Yn de jierren ’90 improvisearren Pieter Bouwman en Hans Teeuwen, en soms ek Theo Maassen, alle dagen live oer de meast bizarre ûnderwerpen – dat ek oer piercings. Dizze filmsêne hie sûnder naad yn dy rige passe.
Krekt as yn de eardere Destination films boartet it lêste diel hiel moai mei it ferwachtingspatroan. Sa sjocht men al betiid yn de film in túnklauwer en in glêsdiggel. Op dat stuit witst: dêr giet aanst wat mei barren. Dat filmeffekt wurdt it ‘Tsjechov-prinsipe’ neamd, nei de Russyske toanielskriuwer Anton Tsjechov. Dy sei: “As der yn it earste bedriuw in gewear oan de muorre hinget, moat it yn it tredde ôfgean.” Of yn dit gefal: as der in túnklauwer yn byld komt, moat immen it ding wol rjocht yn it gesicht krije. Mar, dat sein, der wurdt boarte mei dyn ferwachtingspatroan – en krekt soks is sa aardich oan dizze films.
It ferhaal yn de film is diskear krekt oars as yn eardere dielen: men folget de bernsbern fan in frou dy’t yn 1968 in grutte katastrofe wit te kearen. Troch har binne hûnderten minsken yn libben bleaun dy’t yn 1968 eins stjerre moasten. Lykwols, “De Dea” wol syn momint net misrinne en nimt wraak. Elk fan de hûnderten oerlibbenen moat likegoed stjerre – yn de folchoarder dy’t oars foar harren bedoeld wie. Om’t it opromjen fan al die minsken úteinlik jierren duorret, ha in soad fan har ûndertusken bern. Bern dy’t it libbensljocht einliks net sjen moatten hiene – dat dy komme no ek allegearre, ien foar ien, oan bar.
De film sit goed yninoar, is goed makke. Mei tige orizjinele ideeën, slapstickhumor en in protte wille yn it fertellen fan it ferhaal. Mar ien ding is spitich: de CGI is net sa bêst. De digitale effekten binne mear as dúdlik bedroch. Yn eardere dielen waard mear wurke mei echte effekten en stunts – en dat seach der doetiids gewoan better út. It is bekend dat animaasje-teams faak te min tiid krije. Nettsjinsteande dat is it genietsjen. Final Destination: Bloodlines fielt as thúskommen yn in wrâld dêr’t elke skroevedraaier of elk houtblok ynienen libbensgefaarlik is.