Janna’s fotoferhaaltsjes (25)

Moarnsearen (foto Janna van der Meer)

Wa harkje der?

Wa’t net goed leare kin, is de sigaar. Bern dy’t op skoalle net goed mei komme, wurde faaks as in probleem sjoen. Harren hiele jonge libben fernimme se dat se eins minder binne as in oar.
Wy wenje op in pleats en sokken komme gauris by ús te wurkjen. En faaks kinne se fan alles! As earbetoan oan dizze bern skreau ik dit gedicht:

Regina

It wurdt noait wat mei har.
Se kin net leare,
neffens de leararen.
En al sizze se dat net sa,
dochs wit elkenien it:
de oare bern, har heit en mem
en hjasels.

Dêrom wurket se no by de boer
en nei it melken
rydt se op ús hynder.
Om it te belearen.
Dat wy der aansten ek op ride kinne,
net bang hoege te wêzen.

En dêr giet se.
Mei it lange hier
ûnder de cap ferstoppe,
stoot se troch de greiden.

It skomjende swarte bist
stevich tusken de skonken.

En dat bist lit him liede,
– in triuwke hjir, in knypke dêr –
mar foaral lústeret it
nei ’t hiele tegearre wêzen
mei dizze faam,
dy’t opswypket en gerêststelt.

Dêr giet Regina.
Wy sjogge har nei
en lústerje
nei ’t bûnzjen
fan ’e grûn.

Janna van der Meer

1 Reaksje

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter