Diel dit berjocht

Janna’s fotoferhaaltsjes (33)

By mem (foto Janna van der Meer)

Gean we by de Amish?

“Gean we by de Amish?” freget ús dochter.
“Jawis,” sis ik gekjend, “fan no ôf moatst in kapke drage.”
Oanlieding foar har fraach is it menweintsje dat neist ús hûndertsantich hynstekrêft trekker en fjirtich kúb ladewein parkearre stiet. Myn man hâldt fan mennen en hat dêrom in soarte fan koetske kocht.
“Giest mei?” freegje ik har.
“Echt net. Ik skamje my dea!”

Myn man en ik spanne tegearre Pronkje, de merje, yn. Dat is yngewikkeld. It binne allegearre learkes en rimen. Alles hat syn funksje en moat krekt sa en net oars fêstmakke wurde. Der sit in iuwenlange skiednis efter sa’n rydtúch, betink ik my. Minsken hawwe it hieltiten oanpast en ferbettere.
Pronkje bliuwt geduldich stean, wylst wy oan it sjorjen en fimeljen binne.
Mar letter drave we fleurich de dyk lâns. Hûn Jouke komt ús blaffend efternei. Hy wol ek mei.
“Ho”, seit myn man en ús rydtúch hâldt stil. As Jouke deryn springe wol, docht it hynder lykwols wer in pear stappen. Dus Jouke springt mis.
“Ho Pronkje.”
No stiet se stil.
“Kom mar Jouke!”
Jouke springt en wer stapt Pronkje foarút. De hûn falt. Ik rop him wer. No rekket er fan slach en Pronkje ek. Se freget har fansels ôf oft ik it tsjin har ha. Unrêstich draait se alert mei de earen. Dochs bliuwt se stean.
“Braaf!” Jouke springt oan board en dêr geane we wer. De kij by de sleat, sjogge ús nei. Ik kribelje Jouke efkes yn ‘e nekke en krij in slik werom.

Yn de film liket it altyd sa simpel as in cowboy syn hynder de spoaren jout, of in selskip mei in koets troch de stêd sjeest. Mar foardat in bist docht watsto wolst, moatst earst kontakt mei him meitsje. Moatst ynspylje op syn persoanlikheid en wat er kin. Eartiids hiene minsken folle mear fysyk kontakt mei bisten. Se moasten se faak oanreitsje, al dy waarme liven. No drukke we op knoppen. Wat docht dat mei ús?

Sa lit ik, al mimerjend, it lân oan my foarby gean. It sintsje komt der ek noch by.
“Rêstich, Pronkje, rêstich, dat is mar in ein”, seit myn man, as der in jerke út ‘e sleatskant spat. Hy leit in earm om myn skouder en freget hoe’t ik it fyn.
“Moai”, sis ik en krûp noflik tsjin him oan. Ik sil perfoarst gjin kapke opsette, mar sa no en dan wol ik bêst efkes foar Amish spylje.

Janna van der Meer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter