Wy hawwe no al te folle minsken

Troch Pier Bergsma

Wy hawwe yn Hurdegaryp in moai soarchkompleks: Bennema State, stifte yn 1661 troch Jelmer Bennema. It wie in aadlik lângoed, dat yn 1970 sloopt waard, nettsjinsteande syn rike skiednis as húsdokterspraktyk. De histoaryske tún, ûntwurpen troch Gerrit Vlaskamp, ​​is koartlyn renovearre om syn ferline te earjen. Tsjintwurdich is it in modern wen-soarchkompleks. In lyts stikje, yn oersetting, fan de ynformaasje fan de ynstelling:

Hawwe jo in soad soarch nedich om’t jo demintens hawwe of in lichaamlike beheining? Dan is Bennema State in prachtich plak om te wenjen. Ferhúzje nei in wen- en soarchynstelling is fansels in grutte stap. Dêrom dogge wy alles wat we kinne om jo hjir thús fiele te litten. Yn ’e mande mei mei jo leafsten sille wy besjen wêr’t jo ferlet fan hawwe. Binne jo wend om help te krijen fan in famyljelid? Fansels kin dat sa bliuwe by Bennema State. Sa meitsje wy fan elke dei in betsjuttingsfolle dei.

Yn de Leeuwarder Courant fan 20 febrewaris, lies ik fan Gosse Terpstra út Hurdegaryp in grut ynstjoerd stik oer de noeden dy’t er hat oer de takomst û.o de âlderein, want ik betocht dat wy dan yn Hurdegaryp wol Bennemastate hawwe, mar dat seit fansels neat oer de problemen dy’t der lykwols binne.

Wy kenne Terpstra noch as wethâlder. Under syn lieding krigen wy yn 1990 yn ús gemeente Fryske plaknammen. Allinne dêrom al bin ik posityf oer Terpstra. Ek yn it stik yn de Ljouwerter skriuwt er ferstannige dingen. Dochs koe ik it net litte om derop te reagearjen yn de LC fan tiisdei 24 febrewaris. Hjirby:

Yn ‘Meer kinderen toch wel een noodzaak’ (LC 20/2) sketst Gosse Terpstra út Hurdegaryp de problemen dy’t gearhingje mei de fergrizing fan Nederlân. Dy problemen binne dúdlik en ik sil se dêrom net werhelje. Yn mienskippen fan lang ferlyn wiene it just de bern dêr’t jo yn âldens op weromfalle koene. It is net foar neat dat yn guon parten fan earmoedich Nigearia it bertesifer boppe de 7 leit, wylst dat yn ús lân 1,4 is.

Doe’t ik it artikel fan Terpstra lies, kaam my it boek fan biolooch Jelle Reumer yn it sin. Yn dat boek De ontplofte aap. Opkomst en ondergang van de mens út 2005 lit Reumer sjen hoe’t planten en dieren troch te grutte oantallen harren eigen fermidden ûnleefber meitsje. Thomas Malthus (1766 -1834) warskôge der yn An Essay on the Principle of Population al foar. Hy beheinde him ta it probleem dat der by in te sterke befolkingsgroei net genôch iten wêze soe foar elkenien. Dêr liket it no alteast net op yn in grut part fan de wrâld om it freonlik te sizzen.

Wat Malthus net oankommen sjen koe, wiene de oare problemen dêr’t wy yn de hjoeddeiske wrâld en benammen yn Nederlân mei wrakselje: grôtfolle wegen en treinen, te min wenningen, te folle stikstofútstjit en gean sa mar troch. It komt der yn de kearn op del dat wy yn ús lytse lân mei fierstente folle minsken wenje. En dan binne der ta myn ferbjustering ek noch minsken dy’t miene dat wy plak hawwe foar wolven.

Reumer beskriuwt net sûnder humor wat de natuer sels docht om fan te folle minsken ôf te kommen: epidemyen, hongersneed en genoside. Dy kant wolle wy net op. Terpstra syn oprop om mear bern te meitsjen liket my derom net ferstannich. Boppedat hawwe de grize hollen fan no, dêr’t ik mysels by rekkenje, der de kommende tweintich jier neat oan.

Yn in lân as Nigearia komme dit jier mear bern op de wrâld as yn de hele Europeeske Uny. Dat  liedt ta ûnoplosbere problemen. Ik soe dus sizze: wês bliid mei krimp. De ‘kinderbijslag’ moat net omheech, lykas Terpstra wol, mar omleech. Yn 1979 kaam de publyksferzje fan it rapport van de Staatscommissie Bevolkingsvraagstuk út ûnder de titel Minder mensen, meer welzijn? Dat fraachteken kin der wat my oangiet wol wei.

De foto’s binne troch mysels makke.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter