Krekt útkommen: ‘Boer Boaris’ & ‘Joazefine yn ’e rein’

Oant en mei 27 septimber is der yn de hiele provinsje ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk mei de Lês-mar-foar-wiken. Dêrom binne by de Afûk twa nagelnije Fryske foarlêsboeken útkommen: Boer Boaris en Joazefine yn ’e rein.

De printeboeken kinne moai foarlêzen wurde fan 9 oant en mei 27 septimber (en dêrnei fansels ek noch), want se slute goed oan by it tema ‘eigenwiis’ fan de Lês-mar-foar-wiken. Joazefine en Boer Boaris binne beide lekker eigenwiis. Foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.

Boer Boris – no ek yn it Frysk
Boer Boris is in populêre Nederlânske printeboekesearje fan Ted van Lieshout en Philip Hopman. Der binne al ferskate dielen oer dat oandwaanlike boerke útkommen en de searje is ek mear as ienris yn ’e prizen fallen. De Fryske oersetting is makke troch Eppie Dam. De pakesizzer fan dy dichter en (berneboeke)skriuwer is nammentlik gek op Boer Boris en pake Eppie woe dan ek graach de oersetting fersoargje. Ein oktober ferskynt ek noch in twadde diel fan Boer Boris yn it Frysk: Boer Boaris en de sniepop.

Joazefine yn ’e rein – it fjirde Joazefineboek
It twadde printeboek dat yn dizze Lês-mar-foar-wiken útkomt, spilet him op in boerepleats ôf: Joazefine yn ’e rein. De ko Joazefine wurdt sa stadichoan al in bekende ferskining yn Fryslân, want dit is al it fjirde diel dat yn it Frysk útkomt.

Ofbylding thússide: Boarne Afûk

Boarne: Afûk

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter