Fryske Befrijingsdei 15 april

Op 15 april 1945 waard it grutste part fan Fryslân befrijd. Langer wurdt oantrúnd op in provinsjale Befrijingsdei, mar oant no ta kaam dêr suver neat fan op ‘e hispel. Mar elts jier binne der mear Friezen dy’t flagje. Stek dêrom op 15 april ek de Fryske flage út foar de Fryske Befrijingsdei.

Aaipop 2024

Peaskemoandei 1 april 2024 is der wer in Aaipop! It grutste Frysktalich festival op ierde hat wer in nijsgjirrich program foar jim yn elkoar draaid! It program foar Aaipop 2023 bekind. Fjouwer podia, achttjin artysten. Folle bak! En do kinst no kaarten bestelle. Wa wit oant yn Nijlân?