Bysûndere lietsjes yn skipsatelier Eestroom

Sneintemiddei 26 maaie bringt it duo Hansl op in hiel bysûndere lokaasje in bûnt programma. Dat duo wurdt foarme troch Roelof Veldhuizen (sang) en Egbert Menger (gitaar en sang), de lokaasje is it skipsatelier Eestroom (Bartlehiem 23, Wyns) en it programma bestiet út in protte lietsjes yn alderhande talen. Hjir te hearren. It optreden is […]

Friesentreffen 2024: ‘De iene minske stiet net boppe de oare’

Op pinkstertiisdei, alle jierren wer, geane Friezen, oeral wei, nei de Upstal(s)beam by Auwerk yn East-Fryslân (Dútslân) om dêr mei-inoar te tinken en te praten oer wat harren bynt. It is tagelyk in betinken fan de midsiuwske tradysje: it rjochtsprekken fan de sân Fryske Seelannen. Hjirûnder de oersetting fan taspraak dy’t Sjirk Bruinsma, foarsitter fan de […]

Waarpraatsje: Woansdei in tebekset

DE JOUWER – Nei in pinkstermoandei mei op guon plakken yn Fryslân needwaar (Bûtenpost bygelyks) hiene wy in hiel kreaze en waarme tiisdei. Woansdei krije wy in tebekset fan in dei. Tiisdeitenacht sil it reine en wat tonger is ek net hielendal útsletten. By in swakke oant matige wyn út ferskillende rjochtingen is it mei […]

Huus en Hiem: Stellingwarver podcast

In de zestiende uutzending van Huus en Hiem ontvangen we Harmen Houtman in de studio. Harmen is al 52 jaor ant schrieven. In meert van dit jaor het hi’j veur zien hiele euvre de H.J.Bergveldpries uutriekt kregen. Harmen is een veulziedige schriever. Zo schrieft hi’j kotte verhealen, gedichten, meziekteksten en revu’s. Dit doet hi’j in […]

Sealterfrysk leare: skriuw dy yn!

It Seeltersk-Kontoor, it Seelter Buund en it roomske ûnderwiissintrum Saterland biede in Sealterfryske kursus foar begjinners oan. It doel fan de kursus is om de dielnimmers yn tsien gearkomsten fan oardel oere de basiskennis fan it Sealterfrysk by te bringen. De kursus wurdt fan 3 juny ôf moandeitejûns fan 19.30 oant 21.00 oere holden yn […]