Mylpeal fan 10.000 tiidwurden berikt

De webside en web-app tiidwurden.frl fiere in kreas rekôr, mei tank oan alle ynstjoeringen fan websidebesikers. Der binne no 10.000 Fryske tiidwurden mei oersetting opnommen. Fan ‘popkebesjen’ oant ‘giisgobje’ en fan ‘weikrûpboartsje’ oant ‘hottefylje’. It jout in ymposant byld fan ús moaie taal. Foar dizze gelegenheid is op ‘e webside in spesjale side makke mei […]

Help mei om de besunigingen op it Frysk fan ’e tafel te krijen!

Deputearre Steaten wolle flink besunigje op organisaasjes lykas Omrop Fryslân, de Afûk en Mercator. Dizze moanne hawwe wy kâns om de besunigingen tsjin te hâlden fia Provinsjale Steaten. Do helpst dochs ek? De provinsje sil op 19 juny beslute oer de taalnota ‘Fansels Frysk’. Dêr steane moaie plannen yn. Dy kinne it Frysk foarút helpe. […]

Goeie

Tiden hawwe tiden. Der is in tiid om te skriemen en in tiid om te laitsjen, in tiid om te tsjirmjen en in tiid om te jubelen, sa’t Prediker seit. Sa wie der in tiid fan It Nijs en no is der in tiid fan Goeie. As tiden feroarje, dan feroarje wy mei. No sil […]

Refleksjes fan de Skriuwersarke

“De algen groeie hurd”, seit de man dy’t by It Fryske Gea wurket. Ik sit noch hieltyd yn de skriuwersarke op de Feanhoop. Ien kear yn ’e wike komme de frijwilligers fan It Fryske Gea op besite. De griene bollen ûnder wetter binne algen, lear ik. Ik wist net hoe’t se hjitten. Se sjogge der […]