Krekt útkommen by de Afûk: it ‘Simmerboek’

Nei it sukses fan it Winterboek, dat yn ’e hjerst fan 2022 útkaam, is no it Simmerboek útkommen. Dat sit ek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes, foar bern fan 2 o/m 6 jier. Alle ferhaaltsjes en gedichtsjes binne spesjaal foar dit boek skreaun. De skriuwers dy’t dêroan meiwurke hawwe, binne: Riemkje Pitstra, […]