Help mei om drinkwetter te besparjen

Wat kin men dwaan om drinkwetter te besparjen? De provinsje Fryslân freget ynwenners en bedriuwen om goede ideeën oan te dragen fia partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân. Deputearre Friso Douwstra hat sneon 15 juny it startsein jûn foar de kampanje ‘Wês wiis mei wetter, elke drip telt’ op de duorsume merk Groen Goud yn it gemeentehûs […]