Klean útsykje foar it doarpsfeest

Ynkoarten is it doarpsfeest. Tjits en de bern dogge mei oan ’e optocht mar der is ek in matinee dêr’t elkenien ferklaaid komt. Dit jier geane se as Toystory-personaazjes. Mar foar de feestwein makket Tjits mei beppe Klaasje spesjale outfits.

Trouwe yn it gemeentehûs, wat kostet dat?

Foar wa’t dit jier yn it houliksboatsje stappe wol, is it nijsgjirrich hoefolle oft sa’n plechtichheid yn it gemeentehûs kostet. Gemeenten meitsje sels út watfoar tariven oft se dêrfoar yn rekken bringe. Dat makket dat der grutte ferskillen binne. Foar in trouwerij op freedtemiddei binne fan alle Fryske gemeenten Waadhoeke, Harns en Flylân mei € […]

Fan Frjentsjer oant Kaunas

Op dit stuit befyn ik my yn de sjarmante stêd Kaunas, yn Litouwen. In gesellige âlde stêd, dêr’t ik justerjûn nei in reis fan sân oere, of acht ast it tiidsferskil fan in oere meitelst, oankaam. Ik checkte yn by myn hotel, tapaslik Broken Bed Hotel neamd, dat in grappige útstrieling hat mei donker ferve […]