Woansdei noch waarmer

DE JOUWER – It wie tiisdei yn in grut part fan Fryslân in waarme simmerdei en woansdei kin it noch wat waarmer wurde. Tiisdeitenacht is it helder en der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út it noardeasten. Mei in graad of 14 sil it in mylde […]

Mei Bauke yn Albaneeske sfearen

De Fryske flogger wie mei Bauke mei nei de wedstriid Albanië-Kroaasje. Bauke wennet al hast fiif jir yn Albanië en hat in Albaneesk YouTube-kanaal: Rruga. It wie in moaie trip mei de freonlike Albaneeske fans.

400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen

Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dat te ûndersykjen. […]

Nije Fryske teäterlêsboeken lansearre

Utjouwerij B for Books hat dit jier trije nije Fryske dielen taheakke oan de rige ‘Op it poadium, mei-inoar teäterlêze’. Nei it sukses fan de Nederlânske ferzje Woordkunst, ferskine no de Fryske farianten Wurdkeunst en De groep fan juf Pyt. Ta gelegenheid fan de Berneboekewike wurdt yn septimber Lekker eigenwiis útbrocht. Alle boeken binne sawol […]

Pseudofrysk

Koartlyn lies ik fuort efterinoar de wurden steamelje en ôfteakelje; yn ferskillende teksten, mar beide fan folbloed Friezen. Mei it earste waard hakkelje bedoeld. De skriuwer koe dêr sa’t it skynt net op komme en ferfryske doe it Hollânske stamelen mar. De twadde skriuwer klonk ôftakelje tink te Hollânsk en besocht om it mei it […]