In pear simmerske dagen

17 july 2024 Nei in skier begjin en in fierder sinnige dei, is it jûn aardich helder en bliuwt it drûch. Der stiet net folle wyn. Fannacht ûntstiet op plakken damp; it bliuwt drûch. De termometer sakket oan de kust nei sa’n 15 graden en mear it fêstelân yn nei 10 graden. Tongersdeitemoarn lûkt de […]

De Fryske Rie siket in skriuwer (m/f)

De Fryske Rie is in aktive organisaasje dy’t as doel hat om de kulturele kontakten mei de Friezen yn Ostfriesland en Nordfriesland te ûnderhâlden en te stypjen. De trije Fryslannen foarmje mei-inoar de Ynterfryske Rie (Interfriesische Rat). It bestjoer fan de Fryske Rie fertsjintwurdiget in brede efterban mei leden dy’t út alderhande fermiddens fan it […]

Alve keamerpresintaasjes fan alve byldfertellers

Yn ’e simmer fan 2024 jout Museum Belvédère yn Oranjewâld omtinken oan it wurk fan alve Nederlânske keunstners, dy’t yn harren wurk persoanlike ûnderfiningen en oantinkens yn rigen tekeningen of skilderingen fêstlizze. Yn it wurk fan alle dielnimmende keunstners binne foarstellingen ferienfâldige ta koarte, krêftige, yllustrative en soms cartooneske bylden. Yn in protte gefallen binne […]

Pier Boorsma, dichter ûnder de dichters

Snein yn it keunstnersdoarp Asgaard sitte we yn mienskipsromte De Witte Wolk, mei in ploechje poëzyleafhawwers. In poëzypicknick. It waait en docht, goed dat we diskear net bûten foardrage. Ien fan de besikers is Pier Boorsma (1944). De dichter sit foaroan, hy is mei Sipke de Schiffart yn de auto kommen. Sipke sil foardrage, hy […]