Folop simmer

19 july 2024 Nei in waarme freed bliuwt it jûn en fannacht helder en drûch. De swakke oant matige wyn is earst noch noardeastlik en komt letter út it easten. De minimumtemperatuer leit om de 15 graden hinne. Sneon is it drûch, sinnich en tige waarm. De swakke oant matige wyn komt út it súdeasten. […]

Frysktalige tsjerketsjinsten 21 july 2024

Balk It Breahûs, 9.30 oere hr. H. Gileam Drachten Fermanje, 10.00 oere br. J. Regnerus Ferwert Liudgertsjerke, 9.30 oere drs. T.R.A. Simonides Foudgum Mariatsjerke, 9.30 oere ds. A. Reitsma foto: It Breahûs, Balk

Stripboek oer kening Redbad

Redbad fan Skelte Siweris Braaksma is it alderearste byldferhaal oer de Fryske kening en is te keap yn de webwinkel fan de Afûk. Redbad is ferneamd as ‘grutste Fries ea’, mar wa wie hy? Hoe seach de bernetiid fan de kening fan Magna Frisia yn de iere midsiuwen derút? En hoe waard er letter kening? […]

Mid-Fryslân troch

Fan Reduzum nei Haskerdiken Op 12 augustus 2021 nim ik de tried wer op om út Reduzum wei fierder te gean. Foar healwei sânen sit ik yn de trein en trije oere letter komt de bus yn Reduzum oan. De drokte fan it reizgjen falt wei en de rêst komt my noflik oan. It paad […]