Aardich wat sinne en hast oeral drûch

26 july 2024 We belibje in sinnige jûn. Fannacht kin it op plakken damp wurde en de termometer sakket nei 8 graden. Der is net folle wyn; oan ’e kust is de súdwestewyn matich. Sneontemoarn is it sinnich en drûch en der stiet net folle wyn. Middeis kin der op plakken in bui komme. De […]

Tút en derút

Yn it nijste nûmer fan Toal en Taiken; tiedschrift veur Grunneger kultuur stiet in stikje oer in ferkearsboerd yn it Westerkertier. “Tút en derút” lit it boerd him lêze. Nuver spultsje, fynt de skriuwer Tonko Ufkes. De wurden tuut en deruut binne fansels geef Grinslânsk. ‘Kiss and ride’, soene je yn it Ingelsk sizze. Elk […]

Dino Dûbelgongers yn Natuermuseum Fryslân

Fan ’t simmer is net íén Dino yn Ljouwert te sjen, mar sels twa. De earste, de Triceratops, stiet yn it pop-upmuseum yn ’e Blokhúspoarte (in gearwurkingsprojekt fan it Natuermuseum Fryslân mei dbieb en Naturalis). De twadde, de Thescelosaurus, is te sjen yn ’e ekspo Dino Dubbelgangers yn it Natuermuseum. Dy útstalling giet oer dino’s […]

Frysktalige tsjerketsjinsten 28 july 2024

De Rottefalle Doarpstsjerke, 9.30 oere hr. P. Fortuin Hjerbeam Niklaastsjerke, 9.30 oere ds. D. de Boer Rinsumageast Aleksandertsjerke, 9.30 oere hr. R. van Wieren (lêstsjinst) Ysbrechtum Tsjerke, 9.30 oere ds. R. Reitsma Foto: Tsjerke fan Ysbrechtum (Michiel Verbeek, boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 3.0)