Rêstich wykein

13 septimber 2024 DE JOUWER – It wie in freed mei freonlik waar en dat wie in opsetsje nei in rêstich en, sa goed as, drûch wykein. Sneon bliuwt it drûch en de sinne skynt geregeld. By net al te folle wyn út it noardwesten wurdt it 17 graden. Op snein is de loft, nei […]

Feerider, berop mei hertstocht

Op ’e feemerk yn Ljouwert is sneon 7 septimber it boek Veetransport, beroep en passie presintearre. Inisjatyfnimmers fan dit boek binne Jannes Betten út Appelskea, Willem van der Bij út Kollumersweach en Gerke van der Land út Twizelerheide. Wilto H. Eekhof skreau de teksten. Op it terrein waarden âlde en nije feeweinen útstald. Yn de […]

Frysktalige tsjerketsjinst 15 septimber 2024

Bitgummole Protestantske tsjerke, 9.30 oere ds. J. van der Meer Op de hiemside en hjirneist: de eardere grifformearde, no protestantske tsjerke fan Bitgummole (foto’s Romke Hoekstra; boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 4.0)

Troch de Weerribben

Op 4 maaie 2022 lis ik wer in part fan myn kuiertocht ôf. Troch in oanriding op in spoaroergong tusken Swol en Meppel giet de treinreis muoisum. Aldergelokst slagget it my om as ien fan de earsten yn de ferfangende bus nei Meppel te stappen. Fan Meppel ôf kin ik mei de trein mei Stienwyk […]