It ljocht troch de finsters fan de tsjerke fan Eanjum

Aldjiersjûn 1973 soe ik preekje yn de herfoarme tsjerke fan Eanjum. Ik ried fan Ie troch de Kolken nei Eanjum. Al fan fierren seach ik it ljocht troch de tsjerkeruten skinen. Dy jûns yn de Kolken kaam my in útspraak út it Samuël-ferhaal yn ’t sin: “Gods lampe wie noch net útgien” (1 Samuël 3:3). […]