Wiete dagen

DE JOUWER – It wie moandei al hiel oar waar, mar it bleau, sa goed as, drûch. Tiisdei falt it mei de delslach ek noch wol ta. Moandeitenacht soe der in bui falle kinne en by in swakke oant matige sudewyn wurdt it 10 graden. Tiisdei is de loft meast berûn en middeis falle der […]

Europeada: fuotbal ferbynt

De EUROPEADA 2028 sil yn Italië holden wurde. Dat is ôfrûne sneon bekend wurden. Europeada is it Europeesk fuotbalkampioenskip fan de autochtoane nasjonale minderheden yn Europa. It toernoai is in grut sportevenemint mei mear as tûzen dielnimmers. Njonken de fuotbalwedstriden stiet dit evenemint yn it ramt fan kulturele útwikseling tusken de minderheden. Op en bûten […]

Krekt útkommen: ‘Boer Boaris’ & ‘Joazefine yn ’e rein’

Oant en mei 27 septimber is der yn de hiele provinsje ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk mei de Lês-mar-foar-wiken. Dêrom binne by de Afûk twa nagelnije Fryske foarlêsboeken útkommen: Boer Boaris en Joazefine yn ’e rein. De printeboeken kinne moai foarlêzen wurde fan 9 oant en mei 27 septimber (en dêrnei fansels […]

Heechlearaar mjirkes Jarich Hoekstra (68) ferstoarn

Skriuwer en âld-heechlearaar Frysk Jarich Hoekstra is freed yn syn wenplak Kiel (Dútslân) stoarn. Hy is 68 jier wurden. Jarich Freark Hoekstra waard yn 1956 berne yn Hitsum. Hy studearre Noarsk en Frysk oan de RUG, mei as byfakken Ald- en Nijyslânsk. Tusken 1981 en 1999 wurke er as frisist oan de Fryske Akademy. Sûnt […]