Diel dit berjocht

De Sûnde fan Haitze Holwerda

Yn juny is yn Boksum it lokaasjeteäter ‘De Sûnde fan Haitze Holwerda’ te sjen. De kaarten binne no te keap!

‘De Sûnde fan Haitze Holwerda ’ is it ferhaal fan Ulbe van Houten oer in Fryske greidboer en syn konflikt mei syn Biltske arbeiders, de ûngetiders. It ferhaal spilet om 1900 hinne op in pleats tusken Boksum en Blessum.

De start is yn Doarpshûs It String yn Boksum. Fan dy lokaasje ôf kuieret it publyk troch it Boksum fan 1900 en dêrnei troch de greiden nei de pleats dêr’t it ferhaal him ôfspilet. Underweis komt it de Biltske ûngetiders tsjin. De kuier is sa ‘n 1,5 km. ~~~ By de pleats genietet it publyk fan in muzikale foarstelling oer de striid fan Haitze Holwerda, mei in knypeach nei dizze tiid. Wûn Haitze allinnich hea of ek noch wat oars?

De oanwêzigen wurde op ferrassende wize nei Boksum werombrocht en dêr, ek wer by it doarpshûs, is dan de ûntknoping. Dêr kinne kin noch efkes neigeniete wurde mei in drankje. De risping is binnendoar en it is feest! Foar de spyldata: sjoch op de webside.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter