Diel dit berjocht

Meslânzers Woardeboek

Nei ‘t der jierrenlang oan wurke is, is it safier dat der in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde kin.

Op in befolkingsoantal fan mar 5000 fêste bewenners op Skylge binne der mar leafst trije dialekten te ûnderskieden. Yn it doarp West-Skylge is der it Westers, en yn de eastlike doarpen wurdt Aasters praat. Beide binne yn de kearn Frysk, mar dan wol in Fries dat oanmerklik ôfwykt fan it gewoane Frysk op de fêste wâl.

Boppedat ferskille Westers en Aasters ek nochris faninoar. Tusken it Westers en Aasters ynklamme fine wy it dialekt fan Midslân en omkriten.
Dat hjit yn it Nederlânsk it Midsllands, mar op it eilân is it earder bekend as Meslânzers, en dy namme wurdt ek yn dit wurdboek hantearre.

Oan it wurdboek is sûnt 2008 wurke troch Triny Martens, Gettje Pals, Nel Swart en Piet Smit, mei de stipe fan in klankboerdploech fan dialektsprekkers. In fiif jier lyn krigen se ek de help fan de doe krekt pensjonearre taalkundige/leksikograaf Siebren Dyk. De âld-meiwurker – en hjoeddeisk gastûndersiker – fan ‘e Fryske Akademy soarge dat de oarspronklike wurdlisten yn in wurdboekformaat oerbrocht waarden, en hy rette ek mei it grammatikale part. Op tongersdei 14 maart 2024 is it Woardeboek presintearre yn It Wapen fan Skylge yn Meslâns.

It Meslânzer Woardeboek wurdt útjûn troch de Afûk, as nûmer 1142 fan ‘e Fryske Akademy en as diel 14 yn ‘e Rige Fryske Dialektstúdzjes. De priis is €29,90. ISBN: 978-94-93318-25-0.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter