Diel dit berjocht

Toer de Boer Noardeast-Fryslân

Twirre hat as doel: in sûne Waadrâne foar moarn! Wy wolle mei-inoar de hannen út de mouwen stekke en de eigen libbensomjouwing sûner en moaier meitsje troch te wurkjen oan it bioferskaat yn de regio. Lykas mei dizze Toer de Boer!

Fan maaie oant en mei septimber iepenje ferskillende melkfeehâlders en bouboeren de doarren om it publyk yn ‘e kunde komme te litten mei it bedriuw en harren ynset foar boerelânfûgels en bioferskaat.

Yn 2019 waard de wurkgroep Twirre oprjochte: in inisjatyf fan boeren, fiskers, boargers en ûndernimmers út Noardeast-Fryslân mei as doel om gear te wurkjen oan in moaiere natuer en mear bioferskaat yn de streek. De wurkgroep wol in beweging yn gong sette, minsken ynspirearje en útdaagje om sels yn aksje te kommen foar in sûne en moaie libbensomjouwing en bioferskaat yn de regio. Troch it kreëarjen fan bewustwurding, jouwe se ynsjoch yn de situaasje om dêrnei te beseffen wêrom ‘t it needsaaklik is om nó yn de aksje te kommen.

Yn Twirre wurkje Teätertsjerke Nes, Agrarysk Kollektyf Waadrâne en de Versnellingsaginda mei-inoar gear.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter