Diel dit berjocht

Ynterfrysk Kongres op Sylt fan 31 maaie o/m 2 juny 2024

Boarne: Ynterfryske Rie

Fan 31 maaie o/m 2 juny 2024 wurdt troch de Ynterfryske Rie op it Waadeilân Sylt it Ynterfrysk Kongres holden.

De Ynterfryske Rie is in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, oftewol de trije seksjes yn West, East en Noard. De leden besteane út de leden fan de Fryske Rieden en it foarsitterskip wikselet om de trije jier. Seksje Noard is oant begjin juny foarsitter, dêrnei nimt seksje East it roer oer.

Dêrmei wurdt trije jier ôfsletten mei in rige Ynterfryske gearkomsten, lykas it frouljustreffen, de Hilgelânreis, in bestjoersgearkomste, algemiene gearkomsten en in soad ideeën. Nettsjinsteande tsjinwurkjende omstannichheden lykas de koroanakrisis wol de Ynterfryske Rie sjen nei wat er berikt hat en wêr’t er hinne wol.

De Rie biedt alle Friezen gelegenheid om yn de prachtige natuer op it Noardsee-eilân Sylt trije dagen mei-inoar te laitsjen, te diskusjearjen en gewoan dingen te dwaan dy’t it bêste beskriuwe dat se byinoar hearre.
Elkenien is wolkom. Op Söl’ring, dat yn it Sylter Frysk betsjut: ‘Goede freon kom deryn’. ‘Gur Frinj kum iin!’.

Ut Westerlauwersk Fryslân wei wurdt it oanmelden, wol of net mei-inoar reizgje ensfh. koördinearre troch Seksje West: Stifting Fryske Rie, sekretariaatfryskerie@gmail.com.

Sjoch ek op: www.fryskerie.frl.

Taheakke: Programma Ynterfrysk Kongres op Sylt

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter