Diel dit berjocht

Provinsje Fryslân stipet de mienskip mei nij Iepen Mienskipsfûns

Deputearre Staten (DS) hawwe tiisdei besletten om yn dizze bestjoersperioade it nije Iepen Mienskipsfûns (IMF) foar it earst iepen te stellen. Fan 18 maart oant en mei 11 april 2024 kinne inisjatyfnimmers harren oanfraach yntsjinje.

DS hawwe mei it beslút foar de earste iepenstelling in bedrach fan 1 miljoen euro beskikber steld, ferdield oer fiif regio’s fan Fryslân. DS wol letter dit jier it fûns noch in kear iepenstelle en dat ek mei de subsydzjeregeling Fryslân Ferbynt en Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen dwaan.

Ferbetteringen
Inisjatyfnimmers kinne fan dit jier ôf ek digitaal in oanfraach dwaan. Dêr is it wichtich by om op ‘e tiid eHerkenning 2+ oan te freegjen. De provinsje wol dêr de tagonklikheid fan it fûns mei fergrutsje. Der is ek sjoen nei in tagonkliker taalgebrûk. PS hat meijûn dat de streekkantoaren in wichtige funksje hawwe by it fierder helpen fan inisjatyfnimmers. Dy wurdt frege om yn harren projekt wat mei it Frysk of Fryske streektalen te dwaan. Dêrneist krije oanfregers binnen it kritearium Mienskipsfûns mear romte foar harren eigen kreativiteit.

Omfang
It IMF hat yn it ferline sjen litten dat it oanslút by de winsken en it ferlet fan de mienskip. Yn 2023 hat it fûns mei 3,2 miljoen euro foar mienskipsinisjativen en 4,8 miljoen euro foar it duorsumer meitsjen fan maatskiplike gebouwen bydroegen oan it noch moaier meitsjen fan Fryslân. Dêr hawwe 500 inisjativen jild foar harren plannen mei krigen. DS fine it wichtich dat ynwenners dy’t har ynsette foar de leefberens yn harren omjouwing ek holpen wurde mei de útfiering fan projekten dy’t se sels opset hawwe. Dat is werom te sjen yn de ynvestearring fan 8 miljoen yn it ôfrûne jier. De sifers litte ek in folsleine ynvestearring sjen fan 32,6 miljoen euro (provinsje, private fûnsen en eigen bydrage inisjatyfnimmers).

Wannear iepen?
DS wolle sa gau mooglik it fûns iepenstelle foar de mienskip. Dêrom is besletten om op 18 maart 2024 iepen te gean en dat te bliuwen oant en mei 11 april 2024 17.00 oere. Al foar dy tiid hawwe inisjatyfnimmers har by de streekkantoaren fan de provinsje meld foar help en advys by harren projekten en ideeën.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter