Diel dit berjocht

Nije ôfspraken foar fuortsterkjen Fryske taal en kultuer

De kommende fiif jaar ynvestearje it Ryk en de provinsje Fryslân folop yn de Fryske taal. De ôfspraken binne fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t moandei 8 april ûndertekene is troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. It Ryk stelt mei-inoar 18 miljoen euro beskikber om de ôfspraken út te fieren.

Foto: Provinsje Fryslân

Yn dizze BFTK lizze Ryk en provinsje Fryslân fêst hoe’t se yn de perioade 2024-2028 oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer wurkje. Dêrby kriget ûnder oaren it Fryske ûnderwiis in ympuls. It Ryk stelt ek jild beskikber foar it oanstellen fan meartalichheidskoördinatoaren by Fryske gemeenten. Minister De Jonge: “Taal is oeral, alle dagen. En dan is it noflik as dat de taal is dy’t it tichtst by jin stiet, yn hokker regio men ek wennet. Want taal is net los te meitsjen ferbûn mei wa’t men is. Foar in protte Friezen is dat it Frysk. Dêrom is it wichtich dat we it gebrûk fan dy taal beskermje en fuortsterkje. Mei dizze nije Bestjoersôfspraak lizze we de latte dêr flink heger foar.”

Fiif prioriteiten
It Ryk en de provinsje meitsje al langer sokke bestjoersôfspraken. Dat is fêstlein yn de Wet gebrûk Fryske taal, dêr’t yn stiet dat sy tegearre de soarchplicht hawwe foar de Fryske taal en kultuer. Binnen de nije ôfspraken foar de perioade 2024-2028 binne fiif prioriteiten oanwiisd: sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte, digitalisearring fan it Frysk, Frysk yn it ûnderwiis en ûndersyk, taaloerdracht tusken generaasjes en desintraal taalbelied.

Deputearre Eke Folkerts: “Frysk is de taal fan it hert fan in hiel soad Friezen. Mei de ôfspraken dy’t wy no mei it Ryk makke hawwe, kinne we it brûken fan it Frysk fierder fersterkje. It Frysk fertsjinnet oeral in lykweardich plak. Net allinnich thús, op skoalle of yn kontakt mei oerheidsynstânsjes, mar ek yn de online wrâld en yn alle foarmen fan kultuer. Tink oan bygelyks iepenloftspullen, muzyk en literatuer, likegoed as films, booktoks en podcasts. Ik sjoch út nei de earste Frysktalige krimy op nasjonale telefyzje of by in ynternasjonale streamingstsjinst.”

Foto: Provinsje Fryslân

Omtinken foar it ûnderwiis
In wichtich part fan de ôfspraken giet oer it Frysk yn it ûnderwiis. Der wurde bygelyks ferskate stimulearringsmaatregels nommen om te soargjen foar mear leararen Fryske taal en kultuer yn it basis-, fuortset en ferfolchûnderwiis. Dêrneist binne der middels frijmakke om in bachelor Frysk en in minor Frysktalige sjoernalistyk op te setten en foar it optimalisearjen fan it Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Fierder wurdt der yn de rintiid fan de nije BFTK in praktoraat Frysk oprjochte om de posysje fan it Frysk yn it mbû te ferankerjen. It praktoraat docht ûndersyk nei de Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst en ûntwerpt taalûnderwiis dat oanslút op de meartalige beropspraktyk yn Fryslân. De ûndertekening fan de ôfspraken wie dêrom by ROC Firda. Minister De Jonge: “Jongelju binne de takomst. En hja spylje dus ek in wichtige rol by it behâld fan de Fryske identiteit. Wat de studinten hjir leare, nimme se skielk mei yn harren wurk as befeiliger of fersoargjende. Just yn dy funksjes is it tige wichtich om minsken yn har eigen taal oansprekke te kinnen.”

Tapassing fan it Frysk
Fierder is der ôfpraat om meartalichheidskoördinatoaren oan te stellen yn Fryske gemeenten. Sy kinne stipe jaan by it brûken en fuortsterkjen fan it Frysk yn alle fasetten fan it gemeentebelied. Bygelyks troch ferbiningen te lizzen mei organisaasjes op it mêd fan kultuer, ûnderwiis en it sosjale domein. Deputearre Folkerts: “Dat der no budzjet frijmakke is om gemeenten te stypjen by dizze wichtige taak fyn ik in boppeslach. Dêrmei meitsje wy de Fryske taal noch sichtberder en fasilitearje wy it Frysk noch mear foar ús ynwenners.”

Taheakke: Gearfetting BFTK 2024-2028

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter