Diel dit berjocht

Mear tiid foar Fryske taal en kultuer

Underwiisburo CEDIN hat mei de nije kearndoelen foar it Fryske ûnderwiis moaie doelstellingen formulearre. Dy doelen kinne allinne slagje mei mear ûnderwiistiid en troch ek oare fakken yn it Frysk te jaan, fynt de Ried foar de Fryske Beweging.

Feestlik waarden se presintearre, de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer. Oan de hân fan dy doelen moatte skoallen ynfolling jaan oan it Fryske taalûnderwiis. Hurd nedich, want de measte Friezen binne analfabeet yn harren eigen taal. Se kinne net Frysk skriuwe en sels lêze is faak al in toer. De doelen binne noch in konsept en wurde earst útprobearre yn de praktyk, foardat se takom jier fêststeld wurde.

Alve kearndoelen binne it wurden en se wike ôf fan dy foar it Nederlânsk. Fan it earste kearndoel ’De skoalle soarget foar in rike taal- en lêsomjouwing mei Frysktalige lear- en lesmaterialen en romte foar Frysk taalgebrûk foar alle learlingen’ oant en mei de lêste twa dy’t beide gean oer de skiednis, geografy en kultuer fan Fryslân. Dat lêste is nij en jout in moaie gelegenheid om de taal te ferbinen mei oare fakken.

Foar oare fakken giet it krekt sa. Sa brocht de lanlike SLO yn septimber de nije kearndoelen foar de ‘Nederlandse taal’ út. It soe logysk wêze as de kearndoelen foar beide talen itselde wêze soene. It Frysk is ommers in rykstaal en soe, wat de provinsje dy’t de doelen fêststelle moat oanbelanget, lykweardich wêze moatte oan dy oare rykstaal. Yn de praktyk rint dat lykwols speak. Dêr’t bern alle dagen fan moarns oant middeis yn it Nederlânsk les krije, stiet dêr yn de wike faak mar ien oerke Frysk foaroer.

De nije kearndoelen hawwe in heech abstraksjenivo, mar it giet yn it ûnderwiis om de ynhâld. Wat moatte de bern witte of kinne? Dêr jouwe dy kearndoelen gjin útslútsel oer. By skiednis soe it bygelyks gean moatte om it kennen ‘fan wichtige histoaryske Fryske persoanen en foarfallen yn Fryslân’, mar om hokker persoanen en foarfallen soe it gean moatte? Dêr giet it om. Dat is gjin ferwyt oan dy kearndoelen, mar it jout oan dat it foar de skoallen – en al hielendal foar de learlingen – stiet of falt mei de ynfolling.

De provinsje stribbet der al jierren nei om yn it ûnderwiis it Frysk in folweardiger plak te jaan. Elkenien kin wol betinke datst yn in oerke wyks de bern neat leare kinst. Sa komme wy werom op de ferbining mei oare fakken dêr’t de nije kearndoelen omtinken oan jouwe. Dat biedt útsjoch. Ommers, troch bygelyks skiednis of biology yn it Frysk te jaan, sparrest tiid út. Sokke ûntjouwingen binne der al in skoft, mar it kin folle mear as no.

De kearndoelen binne beheind ta de basisskoalle en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Wol der wier wat terjochte komme fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis, dan moat it gean om ûnderwiis fan beukerskoalle oant en mei universiteit: fan pjut oant promovendus.

Uteinlik hinget it fan de minsken foar de klasse ôf wat der fan de kearndoelen terjochte komt. En dan giet it dus net allinne om dat iene oerke Frysk. Skoallen soene sels it goede foarbyld jaan moatte troch de Fryske taal aktyf te brûken en sichtber te meitsjen. Der binne positive ûntjouwingen, mar wy binne der noch net.

Pieter de Zwart,
bestjoerslid fan de Ried fan de Fryske Beweging en dosint by Firda

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter