Diel dit berjocht

Earste Taalryk-sertifikaten útrikt oan learlingen fuortset ûnderwiis

Santjin learlingen fan Taalryk-skoalle CSG Liudger Burgum hawwe in trajekt fan trije jier ôfsletten mei it Taalryk-eksamen en krigen dêr ôfrûne tongersdei it Taalryk-sertifikaat foar útrikt troch deputearre Eke Folkerts.

De sertifikaten wurde útrikt oan de learlingen dy’t les hân hawwe op basis fan it Taalryk-konsept yn it fuortset ûnderwiis. Yn de deistige praktyk leit de fokus benammen op de trije talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk, mar Dútsk, Spaansk en oare thústalen fan de learlingen dogge ek mei. Sa krije se bygelyks ierdrykskunde yn it Ingelsk en skiednis yn it Frysk. Yn Burgum sette se bot yn op it Frysk troch yn dy groepen ekstra Fryske taal en kultuer oan te bieden. Der wurde ek lessen jûn oan ’e hân fan de Fak Taal Formule, in wize fan lesjaan, dêr’t yn de les, neist in fakdoel ek in taaldoel steld wurdt. Underdiel fan it konsept is ek dat learlingen in ynternasjonaal programma oanbean krije, dêr’t se sawol online as offline ynternasjonale ûnderfiningen by opdogge. Sa leveret meartaligens in bydrage oan in takomst as wrâldboarger.

De ûnderbou-perioade wurdt ôfsletten mei in Frisia-toets foar it Frysk en/of de Cambridge- of de Anglia-toets foar it Ingelsk. Yn de boppebou kinne learlingen dizze talen ôfrûnje mei it lanlik eksamen Ingelsk én Frysk.

Taalryk
Taalryk is it netwurk fan fiif skoallen yn Fryslân, dy’t in dúdlike fyzje op meartaligens yn de praktyk bringe. Fan taal wurdt men riker, is it idee efter de namme en it fûnemint ûnder de fyzje. It netwurk makket diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Taalplan Frysk 2030
It projekt Taalplan Frysk 2030 ynvestearret yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en ûnderwiisburo Semko. Op www.taalplan.frl is mear ynformaasje te finen oer it Taalplan Frysk 2030.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter