Diel dit berjocht

Publykslêzing ‘Frisia: de Lege Lannen yn it earste milennium’

Publykslêzing en stúdzjedei foar dosinten op Pinkstertiisdei

Op 21 maaie e.k. is it Pinkstertiisdei: in dei dat Tresoar de Fryske Midsiuwen yn it omtinken bringt. Ea waard Frysk praat troch minsken dy’t wennen yn wat no De Haach, Utert en Amsterdam is. En de midsiuwske skiednis fan de Lege Lannen is foar in grut part Fryske skiednis. Fan 2024 ôf organisearret Tresoar jierliks in sympoasium oer midsiuwsk Frisia, en dit jier stiet it programma yn it ramt fan edukaasje: mei oerdeis in stúdzjeprogramma en jûns in publykslêzing.

Boarne: Tresoar

Dr. Nelleke IJssennagger-Van der Pluijm (direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en ekspert op it mêd fan de skiednis en archeology fan iermidsiuwsk Frisia) sil by de publykslêzing sprekke oer Frisia yn it earste milennium.

Foarôfgeand oan de lêzing is in spesjaal (dei)programma foar dosinten yn it basis- en fuortset ûnderwiis en dosinten yn oplieding. Vincent Robijn (direkteur by Collectie Overijssel) iepenet dit stúdzjeprogramma mei in leechdrompelige yntroduksje fan it tema. Dêrnei binne der workshops rjochte op de trije ûnderwiisnivo’s fan de dielnimmers. Der wurde tips jûn om yn lessen Frisia as diel fan de heitelânske skiednis in plak te jaan.

Lês hjir mear oer Pinkstertiisdei en wêr’t dy namme wei komt.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter