Diel dit berjocht

De harsens binne grut genôch

Der binne noch hieltyd âlden dy’t tinke dat it better is om de bern ien taal te learen. Dus dat wa’t yn Twinte, Limboarch of Fryslân wennet en thús wend is om Twintsk, Limboarchsk of Frysk te praten, de bern better yn it Nederlânsk grutbringe kinne soe.

De mooglikheden en opslach fan ús harsens binne ûnbegryplik grut. Kompjûters kinne in soad, mar se kinne eins net in nij en orizjineel skilderij meitsje of in nij muzykstik betinke. Tajûn, tsjintwurdich mei de mooglikheden fan AI, keunstmjittige yntelliginsje, kin in soad, mar de kompjûter kin op dit stuit noch net wat ús harsens wol kinne: echt wat nijs betinke. De opslach fan ús harsens is lytser as in kompjûter, mar dochs …. Dêr tocht ik oan doe’t ik it boekje Eigen en Vreemd, meertaligheid in Nederland fan Leonie Corrips wer ris tsjinkaam. Ik haw it jierren lyn oantúgd.

Ik bin der wis fan dat âlden eartiids tochten dat it better wie om oan de bern ien taal te learen. Minsken dy’t wend wiene om Twintsk, Limboarchsk of Frysk te praten, diene der neffens dat tinken dus better oan en bring de bern yn it Nederlânsk grut. Mem en heit praten Frysk mei-inoar, mar se praten Nederlânsk tsjin de eigen bern. Hjoed-de-dei binne der minsken dy’t ek noch sa tinke.

Frysk en Nederlânsk moatte beide brûkt wurde. Goed foar de harsens.

Dy binne grut genôch. Ut ûndersyk docht bliken dat sokke opfettingen net oerienkomme mei de realiteit. Bern kinne maklik twa talen tagelyk leare. It liket sels sa te wêzen dat it learen fan mear talen tagelyk foardielich is foar de ûntjouwing fan de harsens. Dat liket logysk. Ien dy’t fan jongs ôf swimt, sil de ‘swimspieren’ ekstra ûntwikkelje. Ien dy’t as bern skaken leart en der in soad tiid yn stekt, sil it ‘skaakynsjoch’ ferbetterje. It seit himsels dat de harsenssellen foar taal har ekstra ûntjouwe troch in soad oan taal en talen te dwaan.

Ien fan de grutte noeden yn it hjoeddeiske ûnderwiis is de breklike lêsfeardigens dy’t guon bern hawwe. Dy noed is terjochte. Yn Fryslân komme guon skoallen dermei yn de ferlieding om mar wat minder oan it Frysk te dwaan en benammen op it Nederlânsk yn te setten. Ommers, dêr wurde skoallen op ôfrekkene by de besite fan de ûnderwiisynspeksje. It soe tsjûgje fan ferstannich belied om just folle mear te dwaan oan it lêzen én yn it Frysk én yn it Nederlânsk. Goed foar de harsens.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter