Diel dit berjocht

Skriuw dy yn foar Liet 2024

Sûnt 1991 wurdt jierliks it Fryske sjongfestival Liet organisearre. In festival foar artysten mei ferskes dy’t skreaun binne yn it Frysk of yn ien fan de yn Fryslân sprutsen streektalen. 

De slutingsdatum foar it Frysk sjongfestival Liet 2024 komt tichterby, 15 maaie slút de ynskriuwing. Liet ropt artysten op om harren komposysje yn te leverjen. Sa’t al earder oankundige is, sille nei ien foarwedstriid acht ynstjoeringen trochgean nei de grutte finale op 19 septimber yn Neushoorn yn Ljouwert. Taal én nije muzyk sille by dat barren in poadium krije. De winner giet troch nei it Regio Festival yn it Theater aan het Vrijthof te Maastricht en fertsjintwurdiget Omrop Fryslân en Liet.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter