Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Unstabyl

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed yn Fryslân wer in kreaze en suver hast wat neare maitiidsdei.

Sneon skynt de sinne earst geregeld, mar yn ‘e middei rekket de loft mear berûn en op guon plakken kin in (tonger)bui falle. Yn ‘e moantiid is der net in soad wyn, middeis sil de wyn út ferskillende rjochtingen komme en is er swak oant matich. It wurdt goed 20 graden.

Earste Pinksterdei wikselje sinne en in (tonger)bui inoar ôf. By in matige westewyn sil it mei 18 graden wat minder waarm wêze.

Op Twadde Pinksterdei liket it, sa goed as, drûch te bliuwen. De matige wyn komt út it noarden en mei 20 graden is it noflik waar.

Noflike Pinksterdagen!

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter