Diel dit berjocht

Gabrielle yn de skriuwersarke

Trije wike lang mei ik as Fryske skriuwer ferbliuwe yn de arke fan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001). Dat idyllyske arkje, dêr’t Rink sels graach wie om oan syn romans te wurkjen, wurdt alle simmers befolke troch Fryske skriuwers. No mocht ik dus ek. Ik wurkje hjir oan myn debútroman en oan in stikmannich gedichten. Omjûn troch de rêst en it wetter fan it natuergebiet de Alde Feanen.

Ut en troch ferlit ik it skriuwersparadyske foar in útstapke. Juster bygelyks, doe’t ik mei it Fryske poëzykollektyf Pauper optrede mocht op Ruigoord. Dat is in keunstnersdoarp by Amsterdam. Alle pinksterwykeinen wurdt dêr it festival Vurige Tongen holden, alhiel wijd oan dichtkeunst en it sprutsen wurd.

Op Ruigoord (eigen foto)

Wy droegen dêr yn it Frysk foar, wat de Hollanners dêr ferrassend ‘leuk’ fûnen. Nei ôfrin kamen der minsken nei ús ta dy’t bewearden dat se it aardich ferstien hiene. By de húskes rekke ik yn petear mei in frou oer de Sweedske taal. “Ik ben Fries, dus ik denk altijd dat ik het versta”, sei ik. Doe’t de frou dat hearde, reagearre se entûsjast: “IK BIN EK FRYSK!” Fan dat momint ôf giene we op lûdere en hegere toan fierder mei ús petear, fuortendaliks ferbûn troch ús dielde taal.

De ferdivedaasjekeunstsjongeres Sarah Sötemann fan Lekkum wie der ek, en se spile in prachtich ferske oer de Fryske moarn. Wylst se song dwarrelen der plúskes fan hynsteblommen om ús hinne, wat it gehiel in magysk tintsje joech.

As ôfsluter fan de dei seagen we in frou út Hallum, dy’t mei in Poalske sjongeres en oare artysten prachtige folksmuzyk brocht yn it saneamde wylgeportaal. Men rint letterlik troch de wylgen om by it poadium te kommen, wat in mearke-eftige sfear kreëarre.

It wie moai om sokke ûnferwachte Fryske ferbiningen te finen yn Amsterdam. De jûns kaam ik werom nei de skriuwersarke, dêr’t de koekoeken en kikkerts op my wachte hiene, krekt as yn in echt mearke.

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter