Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Waarme tiisdei

DE JOUWER – Nei in Earste Pinksterdei mei in soad sinne, mar ek in stûfe wyn, lutsen der Pinkstermoandei flinke tongerbuien oer de provinsje. It waar foar tiisdei sjocht der kreas út.

Moandeitenacht liket it drûch te bliuwen. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar is de wyn matich út it easten.

Tiisdei skynt de sinne geregeld en it bliuwt, nei alle gedachten, drûch. Yn ‘e moarntiid komt de wyn út it easten en is matich. Middeis komt de matige wyn út rjochtingen tusken it noarden en it easten, mar yn it Waadgebiet komt de wyn dan út it noardeasten en is frij krêftich. Mei 24 graden is it in waarme maitiidsdei.

Woansdei soe wolris in wiete dei wurde kinne.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter