Diel dit berjocht

Sealterfrysk leare: skriuw dy yn!

It Seeltersk-Kontoor, it Seelter Buund en it roomske ûnderwiissintrum Saterland biede in Sealterfryske kursus foar begjinners oan. It doel fan de kursus is om de dielnimmers yn tsien gearkomsten fan oardel oere de basiskennis fan it Sealterfrysk by te bringen. De kursus wurdt fan 3 juny ôf moandeitejûns fan 19.30 oant 21.00 oere holden yn it Seelterfräiske Kulturhuus yn Skäddel (Scharrel). De dosint is Veronika Pugge.

Meidwaan is fergees, der binne lykwols mar tolve plakken. Elk dy’t ynteressearre is, kin kontakt opnimme mei it Seeltersk-Kontoor op wolf@saterland.de of +49 (0)4498 – 940 100. Ynskriuwingen út Sealterlân krije foarrang. As de kursus folboekt is, wurdt in wachtlist oanmakke.

It Seeltersk-Kontoor en it Seelter Buund hawwe de ôfrûne twa jier sân Sealterfryske kursussen oanbean. Dit jier steane der trije kursussen pland, twa dêrfan yn ’e hjerst. Fan dit jier ôf wurdt gearwurke mei de roomske ûnderwiisorganisaasje, dy’t de ôfrûne jierren ek Sealterfryske kursussen oanbean hat.

De kursussen wurde mooglik makke troch finansiering fan it Nedersaksyske Ministearje fan Wittenskip en Kultuer.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter