Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Woansdei in tebekset

DE JOUWER – Nei in pinkstermoandei mei op guon plakken yn Fryslân needwaar (Bûtenpost bygelyks) hiene wy in hiel kreaze en waarme tiisdei. Woansdei krije wy in tebekset fan in dei.

Tiisdeitenacht sil it reine en wat tonger is ek net hielendal útsletten. By in swakke oant matige wyn út ferskillende rjochtingen is it mei 15 graden in hiel mylde nacht.

Woansdei reint is earst noch, mar letter skynt de sinne ek sa út en troch. Der kin dan noch wol in bui falle. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. It sil hast oeral gjin 20 graden mear wurde.

Fan tongersdei ôf wurdt it wer wat waarmer, mar it bliuwt ûnstabyl.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter