Diel dit berjocht

Bysûndere lietsjes yn skipsatelier Eestroom

Sneintemiddei 26 maaie bringt it duo Hansl op in hiel bysûndere lokaasje in bûnt programma. Dat duo wurdt foarme troch Roelof Veldhuizen (sang) en Egbert Menger (gitaar en sang), de lokaasje is it skipsatelier Eestroom (Bartlehiem 23, Wyns) en it programma bestiet út in protte lietsjes yn alderhande talen. Hjir te hearren.

It optreden is fan 14.30 oant 16.15 oere, ûnderbrutsen troch in healoere skoft op it gesellige terras. Wolkom fan 14.00 oere ôf. Organisaasje Stichting Kunst en Cultuur Trynwâlden. Reservearje in plak troch foar 18 maaie € 12,50 oer te meitsjen op NL12 RABO 0148 5868 64 fan dy stichting.

Mail foar mear ynformaasje nei clem@kpnmail.nl.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter