Diel dit berjocht

Fan tsjerketoer oant tsjerketoer, op ’e fyts troch Súdwest-Fryslân

Mei it útrikken fan it earste QR-buordsje joech wethâlder Petra van den Akker yn Aldegea it offisjele startskot oan de nije tsjerkefytsrûte ‘Folgje de tsjerketuorren fan SWF’. De tsjerkefytsrûte nûget fytsers út foar in nijsgjirrige reis troch de gemeente. Dêrby fungearje de ymposante tsjerketuorren as navigaasjepunten oan ’e kime.

Alle tsjerken by de rûte del fertelle in unyk ferhaal oer de rike histoarje fan de regio. Op de fytsrûte, ûntstien út in gearwurking tusken û.o. gemeente Súdwest-Fryslân, tsjerke-eigeners en -behearders en VVV Wetterlân fan Fryslân, binne net allinnich de prachtige tsjerkegebouwen yn ’e regio te sjen, mar wurde de kulturele en histoaryske wearde derfan ek beljochte. Mei in QR-buordsje by alle dielnimmende tsjerken is in unyk elemint oan de fytsrûte tafoege. Troch it ynlêzen fan de QR-koade op it buordsje, iepenje besikers in digitale doar nei tagonklike tekst mei wiidweidige ynformaasje oer de tsjerke. Dat wurket ek as de tsjerkedoar ticht is.

Wethâlder Petra van den Akker: “It projekt is mear as inkeld in rûte op papier of in digitale samling fan ynformaasje. It symbolisearret ek ús gearwurking en tawijing oan it behâld fan religieus erfgoed. Boppedat biedt it inisjatyf net allinnich in prachtige manier om ús gemeente te ferkennen, mar ek om ús bewustwêzen fan it kulturele erfgoed te fergrutsjen en de ferhalen efter de tsjerken te ûntdekken.”

Der binne twa fytstochten, in lange fan sechstich kilometer en in koartere fan fjirtich kilometer. Beide rûten binne op ’e webside fan VVV Wetterlân fan Fryslân te finen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter