Diel dit berjocht

Parys: fytsstêd

Pier yn Parys (eigen foto)

Yn Parys is in soad te belibjen. No ris net oer ‘les Jeux Olympiques de 2024’, de problemen fan it wetter yn de Seine, want der moat fan ’t simmer swommen wurden, ek net oer it Louvre of de Eiffeltoer, mar oer in pear oare aardige aspekten fan dy nijsgjirrige stêd.

Ik kom al jierren yn Frankryk en wy, de frou en ik, hâlde fan it lân, fanwegen de romte, de natuer, it iten en drinken, de prachtige ‘peages’ de autosneldiken, mei parkearplakken dêr’t oare Europeeske lannen in foarbyld oan nimme kinne. Se binne net goedkeap, tajûn. Dat wol net sizze dat ik blyn bin foar de problemen dêr’t Frankryk mei wrakselet.

In pear wike lyn wiene wy in dei of wat mei famylje yn Parys. Wat my opfoel is de grutte drokte. De stêd wurdt oerrûn troch toeristen, lyk as Feneesje en Amsterdam om mar in pear foarbylden te neamen. Omdat wy mei de famylje wiene, bern en bernsbern, hawwe wy in soad brûk makke fan de metro. Dat betsjut betiden einen rinne ûnder de grûn mei roltrep op en ôf. Lykas yn Metrostasjon Chatelet-Les Halles, gigantysk grut mei alle dagen 750.000 minsken.

Ik ken Parys goed, want de frou en ik komme hast alle jierren wol yn Frankryk, mar nea tegearre yn Parys. Sels kom ik der op trochreis nei Montpellier of Vichy, foar stúdzje fan de Frânske taal.

Nei Parys nim ik myn tearfyts mei. Dat jout yn Rotterdam, dêr’t ik de Eurostar nim ekstra drokte, want de fyts moat yninoar en dan moat der net allinne plak fûn wurde foar dy fyts, mar ek foar in grutte rêchpûde. Hawar, dat slagget mei wat muoite. Op de weromreis fan Parys nei Rotterdam is it makliker. De Eurostar hat dan twa treinstellen, it foarste part giet nei Amsterdam, it efterste bliuwt yn Brussel stean. Ik bin mei myn fyts, as ‘autopet’ op it hûnderten meter lange perron as earste by myn bagaazjeromte en besprutsen plak.

Parys is in geweldige stêd om yn te fytsen. Der binne fytspaden by de ‘boulevards’ lâns en men mei op de busbanen fytse. Mei de fyts troch de stêd giet dêrom aardich makliker as mei de auto. It ferkear stiet troch de grutte drokte in grut part fan de tiid stil. No moat derby sein wurde dat de fytsende ynwenners harren net in soad oanlûke fan de ferkearsljochten. Auto’s steane stil foar alle stopljochten, en dat binne der in soad, mar it is net de bedoeling dat in fytser dat ek docht. Efkes goed útsjen en trochfytse haw ik begrepen. Net allinne om reden fan tiid, mar ek om reden fan de frisse lucht kin men better fytse, want de metro is benaud, de bussen binne grôtfol en dogge der lykas auto’s tiden oer om earne te kommen.

Op ynternet is in aardich filmke te finen oer Parys as fytsstêd en de nije plannen fan boargemaster Anne Hyldalgo. Sjoch ‘Parijs wil Amsterdam voorbij als de beste fietsstad ter wereld, maar niet alle Parijzenaars zijn even blij met deze groene revolutie’. Ik koe it net ‘downloade’, ‘ynhelje’ op syn Frysk, mar ik haw wol in oar Frânsk filmke foar jimme.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter