Diel dit berjocht

P.C. Hooft-priis foar Durk van der Ploeg of Hylke Speerstra?

It Skriuwersbûn, organisaasje fan en foar Fryske skriuwers, dichters, oersetters en leafhawwers fan it Frysk, docht in oanrekommandaasje oan de sjuery fan de P.C. Hooft-priis foar proaza 2025. De skriuwers dêr’t it om giet, binne Durk van der Ploeg en Hylke Speerstra. De oanrekommandaasje is hjir te lêzen.

De P.C. Hooft-priis is in oeuvrepriis dy’t neffens it reglemint fan de P.C. Hooft-stifting takend wurde kin oan in Nederlânsktalich auteur of in benammen yn it Frysk publisearjende skriuwer. Yn de 75 jier dat de priis bestiet, is der lykwols noch nea in yn haadsaak yn it Frysk skriuwende auteur beleanne. Unbekendheid mei de Fryske literatuer by de sjuerys spilet dêr neffens it Bûn sûnder mis in grutte rol by. De Fryske skriuwerij docht foar oare literatueren net ûnder. It Bûn hat dêrom op him nommen om de P.C. Hooft-stifting en de dêrtroch beneamde sjuery fan goede ynformaasje te foarsjen.

De oanrekommandaasje is, nei oerlis mei it bestjoer fan it Bûn, skreaun troch Martsje de Jong fan Bitgum. It bestjoer is ferantwurdlik foar de seleksje fan de auteurs.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter