Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Wykein mei twa gesichten

DE JOUWER – Wy sitte yn in lange rite mei ûnstabyl, mar dochs ek wol noflik maitiidswaar en dat bliuwt foarearst ek sa. It wykein hat twa gesichten. Snein liket de bêste dei te wurden.

Sneon kin it earst noch reine en letter kin der in bui falle. Yn ‘e middei komt de sinne der ek by. By in swakke oant matige wyn út ferskillende rjochtingen wurdt it 18 graden.

Snein bliuwt it, sa goed as, drûch en wy sjogge de sinne ek faker. By in swakke westewyn wurdt it (goed) 20 graden.

Moandei is de kâns op in bui wer grutter, mar de sinne is der grif ek by. De swakke wyn komt út it noardwesten en en mei in graad as 20 bliuwt it noflik waar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter