Diel dit berjocht

Parys: dakleazen en parasiten

Yn Parys is in soad te belibjen. Wy wiene der begjin maaie in lang wykein. Ferline wike skreau ik oer Parys as fytsstêd. Dizze kear oer in pear oare aspekten fan dy nijsgjirrige en prachtige stêd.

Wat ús opfoel is de grutte drokte oeral. Fansels giene wy nei it Louvre om mei de bernsbern de Egyptyske ôfdieling en de Mona Lisa te sjen. Foar mysels hoech ik dat skilderij net nochris te sjen, want it hellet it net by ‘Het meisje met de parel’ fan Vermeer yn it Mauritshuis. Se hawwe no by de ‘Lisa’ grutte skotten delset om ien en oar te organisearjen foar it tastreamende publyk, dat dêr yn in file stean moat. Der stiene dus hûnderten minsken foar. Ik bin trochrûn en haw myn skoandochter mei de bern efterlitten om sels nei ‘Le radeau de la Médusa’ en ‘La liberté guidant le peuple’ te rinnen yn de seal derneist. Selde probleem, ek smoardrok.

Dat wie jierren en jierren lyn oars, doe’t men om de drokte te sprieden fier yn ’t foar in ticket mei tiidslot keapje moast. Yn it ferline wie it Louvre op de earste snein fan de moanne fergees. Tsjintwurdich allinne yn de wintermoannen en dus net yn it earste wykein fan maaie, doe’t wy der wiene. Foar de bernsbern hoegden wy neat te beteljen, want oant en mei 18 jier is de tagong fergees. Grutten betelje 22 euro.

De gigantyske toeristestream is net it iennige dêr’t Parys mei wrakselet. De stêd is djoer. In soad minsken sille muoite hawwe om de holle finansjeel boppe wetter te hâlden. It tal bidlers en dakleazen is grut. Der binne gjin eksakte sifers, mar it tal dakleazen rint yn Frankryk yn de hûnderttûzenen. Ik haw op it ynternet socht nei de ‘SDF’s, de sans domicile fixe’, minsken dy’t gjin dak boppe de holle hawwe. Yn jannewaris yn hiel Frankryk 330.000; it dûbelde fan tsien jier lyn. It giet benammen om bûtenlanners, froulju en bern.
Fan it ynternet:

SDF: leur nombre a doublé en France en l’espace de dix ans

Le nombre de sans domicile fixe (SDF) a doublé en France en l’espace de dix ans. Ils seraient 330 000 en 2023. Parmi eux, de plus en plus d’étrangers, de femmes et d’enfants.

Parys wol dy dakleazen graach kwyt en leafst it sintrum útjeie yn ferbân mei de ‘Jeux Olympique’ fan dizze simmer. Sjoch it filmke.

Yn Frankryk is in soad earmoed en de ferskillen tusken earm en ryk binne grutter as by ús. Presidint Macron leit by in grut part fan de befolking ûnder fjoer, mar ek syn tsjinstribber Marine le Pen sil it earmoedprobleem ek net samar oplosse kinne. Wat my opfoel yn Parys wiene it grut tal oanplakbiljetten op bygelyks lantearnepeallen. Lykas dizze, as oanfal op it grutte tal miljardêrs: parasiten. Mei as tekst: 43 miljardêrs yn Frankryk, dat binne 43 parasiten te folle. Wy arbeiders sûnder besit, wy soargje foar de rykdom.

Oanplakbiljet (eigen foto)

Pier Bergsma

 

 

 

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter