Diel dit berjocht

Tydlike eksposysje oer it kwelderlân

Yn it kennis- en ynformaasjesintrum fan Terp Hegebeintum iepenet It Fryske Gea op sneon 8 juny in tydlike eksposysje oer de ûnbekende kanten fan it kwelderlân. Noard-Fryslân Bûtendyks wurdt priizge om de romte, rêst en in ryk plante-en dierelibben. Mar de kwelders yn it gebiet drage ek by oan it oplossen fan hjoeddeiske en takomstige klimaatproblemen. Dy ferburgen krêften en noch folle mear binne te ûntdekken oan ’e hân fan in ynteraktyf panorama fan it boeiende kwelderlân.

Foto: It Fryske Gea

Fan kwelders is bekend dat se it broeikasgas koalstofdiokside (CO2) grutskalich en duorsum opslane. Dêrneist brekke kwelders de weagen, sadat se by in stigende seespegel fan mearwearde binne. It Fryske Gea set him al in jiermannich foar sokke natuerlike klimaatbuffers yn. Dat docht de organisaasje troch ûndersyk yn ’e Fryske kwelders en troch romte oan natuerlike prosessen te jaan. Sa wurdt leard hoe’t it opbetterjen fan de natuer en wetterfeiligens inoar fersterkje kinne.

In oersjoch fan It Amelân oant Hegebeintum
Sintraal yn ’e eksposysje stiet in panorama fan goed trije meter breed. De grutte tekening is in kreative werjefte fan it kwelderlân yn Noard-Fryslân. Men sjocht hoe’t de twa ferburgen kwelderkrêften har uterje: it opslaan fan CO2 en de wurking as weachbrekker. It lit ek sjen hokker natuerlike eleminten en prosessen dêr in rol by spylje. Lykas hichteferskillen yn it lânskip en it proses fan sedimintaasje. Yn it panorama binne in stikmannich QR-koades ferwurke. Dy jouwe fia jins eigen mobile telefoan tagong ta ekstra ynformaasje, fideo’s en audiofragminten.

Besikersynformaasje
De tydlike eksposysje is fan 8 juny ôf te besjen yn it kennis- en ynformaasjesintrum fan Terp Hegebeintum. It Fryske Gea partisipearret yn it besikerssintrum. Leden fan It Fryske Gea meie der op fertoan fan harren beskermerspas fergees yn. De eksposysje is oant snein 3 novimber 2024 te besjen. De eksposysje Kwelderkrachten is safolle mooglik mei duorsum en earder brûkt materiaal ûntwikkele en foarmjûn.

Sjoch ek op de webside fan It Fryske Gea.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter